In de rubriek Raad en Daad van de Franeker Courant stelt onze Tjeerd Cuperus zichzelf voor!
Myn namme is Tjeerd, ik bin 57 jier en ik bin troud mei Baukje. Wy hawwe twa soannen fan 21 en 25 jier dy’t noch thús wenje. Wy wenje noch altiten yn de iepen romte tusken Boksum, Deinum en Ljouwert. Ik haw mear as 30 jier ûnderfining yn ‘e sûnenssoarch en bin op ‘t stuit op syk nei in baan.
Ik bin al goed 11 jier aktyf as riedslid. Earst yn Menameradiel en no al wer in jier yn de gemeente Waadhoeke foar SAM. Fan jongsôf oan haw ik ynteressearre west yn polityk. Myn âlden wiene hjir net sa mei dwaande, mar myn pake Watse Cuperus wie riedslid yn ‘e gemeente Ferwerderadiel foar de antirevolúsjonêre partij (ARP), no CDA. Hy skreau boeken oer it Fryske folkslibben en yn in boek oer syn eigen jeugd koe ik begripe hoe’t hy yn it libben stie. Ik koe him net persoanlik, mar doe’t ik syn boek lies, hie ik it gefoel dat ik myn eigen ferhaal lies.
Myn motivaasje om de polityk yn te gean hat in soad gemien mei syn motivaasje om op te kommen foar de mienskip en syn neisten.
Wy hawwe it goed yn Fryslân, mar dit is net fanselssprekkend. Jo moatte der wat foar dwaan! In protte minsken kinne harsels goed rêdde, mar d’r binne ek minsken dy’t hjir mear muoite mei hawwe. Elts fertsjinnet ús omtinken. Mei help op maat kin in elts it bêste út him of har sels helje.
Yn ‘e polityk moatte wy ek fierder sjen. Wy moatte derfoar soargje dat jonge minsken yn ‘e Waadhoeke in goed plak fine wêr’t se wenje, wurkje en ûntspanne kinnne. De âlderein (wêr’t ik sa stadichoan ek by hear!) moat sa lang mogelik selsstannich meidwaan kinne yn ús gemeente. En as jo net mear selsstannich libje kinne, dan is it faaks wol sa moai om ticht by famylje of freonen en yn in bekende omjouwing wêze te kinnen.
As gemeente hawwe wy de ambysje om tsjin 2040 in CO2-neutrale gemeente te wêzen. Om dizze ambysje te berikken, moatte wy alle war dwaan om dit te berikken. Yn ‘e Waadhoeke is it prachtich wenjen en wurkjen. Mar wy wolle dit ek trochjaan oan ‘e folgjende generaasje! De gemeente, it kolleezje en de rie wurkje hjir hurd oan. Mar wy kinne dit net allinich dwaan. De gemeente noeget jo geregeld út om mei te dwaan oan diskusjes oer ferskate ûnderwerpen. Dêrom: tink mei ús mei, want jo miening is wichtich!
Graach oant sjen!
Tjeerd Cuperus.